Bob de Vries wint massastart

14 mrt 2014 - 19:13

Bob de Vries hat freedtejûn by de wrâldbekerwedstriden op Thialf it ûnderdiel massastart wûn. De pupil fan coach Jillert Anema bleau op de streep de Belch Maarten Swings foar. De Vries en Swings hiene it lytse peloton op in rûntsje setten. Bart Swings wûn de sprint fan de groep, foar Arjan Stroetinga. Mei syn oerwinning wûn Bob de Vries ek it einklassemint fan de wrâldbeker. Arjan Stroetinga waard twadde, Bart Swings tredde.

By de froulju gie de winst nei de Italiaanse Francesca Lollobrigida. Irene Schouten waard twadde en de Kanadese Ivanie Blondin tredde. Lollobrigida pakte ek it einklassemint, foar Irene Schouten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)