Bob de Vries wint Essent Cup

31 des 2007 - 13:35
  • Bob de Vries (foto: Martin de Jong)

Bob de Vries fan De Haule is winner wurden fan de Essent Cup, in searje fan 15 reedrydmaratons foar manlju. De Vries stelde syn oerwinning feilich troch yn de lêste wedstryd yn Amsterdam in soad punten te pakken yn de tuskensprints. De deioerwinning gie nei Ingmar Berga út Hoogeveen.

De Fransman Cedric Michaud einigt as twadde yn it algemien klassemint. Douwe de Vries fan It Hearrenfean pakt it tredde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)