Bob de Vries wint A'dam en Cup

28 feb 2014 - 01:29
  • Bob de Vries

Bob de Vries hat tongersdeitejûn yn it Olympysk Stadion fan Amsterdam de lêste wedstriid om de KPN Maraton Cup wûn. Boppedat waard de Haulster winner fan it einklassemint. Yn Amsterdam wie De Vries mei ploechmaat Jorrit Bergsma en mei Jouke Hoogeveen en Erik Jan Kooiman útnaaid. It peloton waard op in rûntsje setten. Yn de finale gong Bob de Vries op 'e haal en kaam solo oer de einstreek. Gouden Jorrit Bergsma fan de 10 km yn Sotsji waard twadde. Yn it einklassemint waard Bob de Vries folge troch ploechmaat Arjan Stroetinga.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)