Bob de Vries twadde by maraton

28 okt 2007 - 13:34
  • Bob de Vries (foto Martin de Jong)

Maratonreedrider en klassemintslieder Bob de Vries fan de Haule is twadde wurden by de twadde wedstriid foar de Essent Cup. Dy wedstriid waard hâlden yn Amsterdam.

Jan Maarten Heideman út Oldebroek wie de rapste fan in kopgroep fan trije man. Martijn van Es fan Zoeterwoude kaam as tredde oer de streek.Arjan Stroetinga, in dei earder noch winner fan in maraton om de KNSB Cup, waard fjirde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)