Bob de Vries sterk yn Assen

05 des 2009 - 19:35
  • Winner en lieder fan it klassemint Bob de Vries (foto's: KNSB)
  • De Kazakken Christijn Groeneveld, Jorrit Bergsma, Arjan Stroetinga en trainer Jillert Anema

Bob de Vries fan De Haule hat sneon de njoggende wedstriid om de Maraton Cup wûn. Yn Assen naaiden nei twa tredde fan de 125 rûntsjes fjouwer man út. Bob de Vries krige ploechmaat Willem Hut fan Haulerwyk, Douwe de Vries fan It Hearrenfean en Joost Juffermans mei. Nei it ôfsprinten fan it peloton besocht Hut it mei Juffermans. Doe't dat net slagge naam Bob de Vries de oanfal oer. Hy kaam solo oer de einstreek.

Douwe de Vries waard twadde, Hut tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)