Bob de Vries rap yn Salt Lake

13 des 2009 - 10:16
  • Bob de Vries op it iis fan Salt Lake City (foto: Martin de Jong)

Bob de Vries hat in poerbêste 5000 meter riden yn de B-groep by de wrâldbekerwedstriden yn Salt Lake City. Hy ried yn dy B-groep nei in tiid fan 6.10,56. Foar de maratonrider fan De Haule wie it syn earste optreden op de wrâldbeker en ek syn earste rit op in heechlânbaan. Mei syn tiid soe er achter Enrico Fabris (6.06,06) en Bob de Jong (6.08,76) tredde wurden wêze yn de A-groep.

Bob de Vries hat no in Olympyske kwalifikaasje helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)