Bob de Vries net selektearre

26 nov 2009 - 15:17
  • Bob de Vries yn aksje op 'e skate off (foto: Martin de Jong)

Reedrider Bob de Vries fan De Haule hat him tongersdei krekt net rjochtstreeks pleatst foar de wrâldbekerwedstriden yn Calgary en Salt Lake City. Yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean waard er by de seleksjewedstriden op de 5000 meter twadde, achter Wouter olde Heuvel. Hy ried wol in persoanlik rekôr.

De Vries mei no mei as reserve, mar wit net oft er dat docht. Hy stiet by it maratonriden boppe-oan en dy posysje set er dan op it spul.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)