Bob de Vries nei wrâldbeker

29 des 2012 - 20:12
  • Bob de Vries

Bob de Vries hat it lêste startplak foar de wrâldbeker op de 5000 meter fertsjinne. De Haulster ried yn Thialf tsjin syn BAM-ploechmaat Robert Bovenhuis. De Vries ried 6.24.93, Bovenhuis 6.27.97. Mei dy tiden dûkten beide riders ûnder de tiid fan Ted-Jan Bloemen. Dy hie earder by it NK allround de klok stilsetten op 6.28.00. Sven Kramer, Jan Blokhuijsen, Jorrit Bergsma en Bob de Jong ha de oare startplakken.

Bob de Vries: "Heerlijk in een lege koude hal in de schrale bierlucht een skate-off rijden. Maar wel geplaatst voor de worldcup 5km!"

Rixt Meijer en Elma de Vries soene ek yn aksje komme foar in wrâldbekerstartplak op de 3000 meter. Beide froulju hiene ôfsein om sneontejûn de maraton yn Enschede te riden. De startbewizen foar de 3000 meter yn Inzell en Hamar binne no foar Jorien ter Mors, Diane Valkenburg, Ireen Wüst en Linda de Vries, de earste fjouwer fan de 3 km fan it NK allround. Marije Joling wie op basis fan de stân yn de wrâldbeker al kwalifisearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)