Bob de Vries en Irene Schouten winne maraton yn Alvestêdehal

09 des 2015 - 20:41
  • Bob de Vries

Bob de Vries fan De Haule hat woansdeitejûn de earste maraton yn de Alvestêdehal fan Ljouwert wûn. Thom van Beek út Stompwijk kaam as twadde oer de finish. Simon Schouten út Andijk mocht it tredde plak op syn namme skriuwe.

Feest dus by de famylje Schouten want sus Irene wûn earder op de jûn al de maraton by de froulju. Janneke Ensing út Gieten waard twadde en Iris van der Stelt út Numansdorp kaam as tredde oer de finish.

De wedstriid by de froulju waard sels noch efkes stillein om't Michelle de Bruijn op de baan foel. Sy waard mei in brankaar fan it iis helle. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)