Bob de Vries 8e yn Amsterdam

13 feb 2005 - 16:02

Kurt Wubben út Pijnacker hat sneontejûn yn Amsterdam de 17e KNSB/Essent-maraton wûn. Twad waard klassemintslieder Jan Maarten Heideman. Andres Landman kaam as tredde oer de einstreek.

Bêste Fries wie Bob de Vries fan De Haule. Hy waard achtste. Jeroen de Vries fan Sint Nyk waard njoggende en Bernhard Bouma fan Aldeholtpea tsiende. By de froulju wie Daniëlle Bekkering fan Den Ham de fluchste. Maria Sterk fan Hallum waard twadde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)