Bob de Jong wint 10 kilometer

23 des 2001 - 00:00

Stayer Bob de Jong wûn snein op Thialf oertsjoegjend de 10 km yn 13.25.45. Jochem Uytdehaage fersloech Olympysk Kampioen Gianni Romme yn in spannend ûnderling duel en waard twadde. Romme waard tredde en naam dêrtroch revanche foar syn mislearre 5 kilometer.

Romme kin no syn Olympyske titel ferdigenje. Carl Verheijen waard fjirde en falt bûten de boat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)