Bob de Jong 1, Bob de Vries 3

19 feb 2011 - 23:41
  • Bob de Vries (argyffoto: Sportfoto.nl)

Bob de Jong hat yn Salt Lake City de 10 km wûn. De rider út de BAM-Univé ploech sette by de wrâldbekerwedstriid 12.53,17 op de klokken. Olympysk kampioen Seung-Hoon Lee fan Koreä waard yn 12.57,27 twadde.

Bob de Vries fan De Haule waard tredde yn 13.01,83. In tiid ûnder de 13 minuten siet deryn, mar dat liet de Nederlânsk kampioen op natoeriis yn de lêste twa rûntsjes lizze. Jorrit Bergsma begûn goed, mar hie tefolle jûn. Hy waard 12e en lêste yn 13.33,39.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)