Bob de bêste fan de wrâld

03 jan 2008 - 20:10
  • Bob de Vries is de bêste maratonreedrider fan dit moment

Reedrider Bob de Vries fan De Haule stiet boppe-oan op de wrâldranglist fan bêste maratonriders. Dy list is in inisjatyf fan de maratonreedriderssite Schaatspeloton.nl. Bob de Vries waard moandei einwinner fan de Essent Cup. Dat risseltaat wie goed genôch om ek de bêste maratonrider fan de wrâld te wurden.

De ranglist wurdt gearstald op grûn fan wedstriden fan it ôfrûne jier. Dat binne der mei elkoar 137.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)