Boazumers achterfolgje ynbrekkers

12 mrt 2015 - 10:03

De plysje hat woansdeitemiddei yn Boazum twa ynbrekkers oanhâlden. It giet om in ynwenner fan Schiedam (22) en in ynwenner fan Maassluis (28). Sy waarden trapearre doe't se in hûs oan de Singel trochsochten. Se naaiden út, mar doarpsbewenners giene achter it duo oan.

Sy rekken de ynbrekkers kwyt, mar troch in goed sinjalemint, koe de plysje de twa by Snits oanhâlde. De manlju sitte fêst, harren auto is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)