Boazumer ferûngelokke

21 mrt 2006 - 12:25

Op de Hegedyk yn Boazum is moandeitenacht in 43-jierrige ynwenner út dat plak ferûngelokke. De auto fan de Boazumer is tsjin in beam riden en lei heal yn de sleat.

In bergingsauto hat de persoane-auto út de sleat takele en dêrnei hat de brânwacht de man út de auto helle. Hy wie doe al ferstoarn. De ferkearsûngefalletsjinst fan de plysje stelt in ûndersyk yn nei de oarsaak fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)