Boatsjedief trapearre

05 aug 2006 - 14:23

De plysje hat yn de nacht nei sneon in ynwenner fan de gemeente Skarsterlân (25) oanhâlden, omdat hy besocht hie om in boatsje te stellen. De fertochte hie syn fyts al yn it boatsje lein en de touwen wiene al losmakke. It boatsje siet noch wol mei in ketting fêst. Op dat momint waard te dief trapearre troch de 44-jierrige eigner fan de boat.

De fertochte is oerbrocht nei it plysjeburo foar ferhoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)