Boatsje omslein by Langwar

17 okt 2013 - 13:42

Op de Langwarder Wielen is tongersdeitemoarn in boatsje omslein, mooglik as gefolch fan de hurde wyn. De ambulânseboat en ferskate helptsjinsten op de wâl waarden alarmearre. Der wiene opfarrenden yn it wetter bedarre. Sy koene allegearre rêden en feilich oan de kant brocht wurde.

De drinkelingen binne ûnder de waarme dûs set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)