Boatsje fêst by Suwâld

15 nov 2012 - 17:32
  • boatsje yn mist

Yn de tichte mist is tongersdeitemiddei in boatsje fêstrekke op it Van Harinxmakanaal by Suwâld. It skipke rûn fêst op in sânbank neidat it motorproblemen krigen hie. De brânwachtploech fan Burgum besocht mei in boat de skipper te helpen, mar rekke doe sels ek noch in skoftke fêst.

Doe't it boatsje los wie, krige de skipper yn ferbân mei de mist it advys mei de brânwacht op te farren nei it haventsje fan Suwâld, mar de man woe perfoarst werom nei Ljouwert farre dêr't syn auto stie - ek al hie syn motor noch hieltyd kueren.

De brânwacht hat him op eigen risiko gean litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)