Boatferbining Starum-Amsterdam

19 nov 2010 - 16:26

It bedriuw Aqualiner sil besjen oft in boat tusken Starum en Amsterdam út kin. De ferbining is in winsk fan D66. Yn it program foar de ferkiezings yn 'e nije Súdwesthoekegemeente skriuwt de partij dat sa'n ferbining der komme moat.

Der wurdt no besjoen hoe't de dyk Enkhuzen-Lelystêd it bêst passearre wurde kin. Tocht wurdt oan in soart fan Hoovercraft of in draach-wjuk-boat. De boat soe forinzen en toeristen ferfiere moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)