Boaten komme net by restaurant

05 maaie 2014 - 12:24
  • Restaurant De Oude Schouw
  • De brêge by Aldskou

By hotel-restaurant De Oude Schouw oan it PM-kanaal is it al in moanne stil. Begjin april botste in grut skip tsjin de brêge by Aldskou by Akkrum oan en kin de brêge net mear betsjinne wurde. Gewoanwei lizze yn it wettersportseizoen grutte syljachten by it terras oan, mar dy kinne der no net komme. It giet om boaten dy't heger binne as 7 meter.

Bram van den Akker fan it hotel-restaurant baalt flink. Neffens him is dizze situaasje net foar de ein fan de simmer oplost.

Rykswettersteat seit yn in reaksje drok dwaande te wêzen mei in oplossing, mar dêrfoar noch gjin eindatum jaan te kinnen. De organisaasje fynt it hiel ferfelend foar de restauranthâlder, mar seit dat der sprake is fan oermacht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)