Boatedief oanhâlden yn Snits

14 jul 2006 - 15:54

De plysje hat yn Snits in man (20) út Jutryp oanhâlden dy't in boat stellen of trochferkocht ha soe. Tafersjochhâlders fan de gemeente Snits seagen de boat lizzen en hawwe der by wachte oant ien opdaagjen kaam.

Doe't de man kaam is hy oanhâlden en nei it plysjeburo brocht. Der binne earder dy dei ek oare minsken by de boat sjoen. De plysje wol graach dat dizze tsjûgen harren melde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)