Boatebouwer kin fraach net oan

25 jun 2009 - 14:26

Wylst in soad bedriuwen it dreech hawwe yn dizze tiid, kinne de Fryske boatebouwers Antaris út Wâldsein en Maril Boats út Koudum de fraach nei sloepen hast net oan. De boatebouwers fusearren ferline jier meielkoar en mei in oare bouwer, Makma út Leiden. Troch dy fúzje koe de groep ek yn krisistiid jild útjaan oan ynnovaasje en dat hat fertuten dien.

It fúzjebedriuw hat noch nea safolle sloepen ferkocht op wettersportbeurs Hiswa.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)