Boatdieven oanhâlden

19 feb 2011 - 12:51

De plysje hat twa ynwenners fan Earnewâld fan 18 en 51 jier oanholden. Se hiene yn it doarp in boat op in trailer meinaam en yn in hok set. De bûtenboardmotor hiene se losmakke. De plysje seach de stellerij en naam de twa mei nei it buro. Dêr is proses-ferbaal tsjin harren opmakke.

De boat en de bûtenboardmotor binne yn beslach naam. Dat jildt ek foar oare bûtenboardmotoaren dy't yn it hok stiene. De plysje tinkt dat dy ek stellen binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)