Boat yn haven útbaarnd

23 aug 2011 - 07:56
  • Foto Robertjan Boonstra

In boat yn in jachthaven op bedriuweterrein De Hemrik yn Ljouwert is yn de nacht fan moandei op tiisdei nacht folslein útbaarnd. De eigner hat earst sels noch besocht de brân út te meitsjen, mar dat slagge net. De brânwacht hie grutte muoite om de brân te blussen. Se koene net tichtby komme om't der gasflessen op de boat wiene.

De boat is úteinlik sonken. Der binne oaljeskerms pleatst, omdat der disel yn it wetter kommen is. De oarsaak fan de brân is noch ûnbekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)