Boat yn brân troch fjoerwurk

22 des 2008 - 17:45
  • Byld fan 'e brân (foto Edwin Tjallings)

Yn de Ljouwerter wyk Bilgaard is moandei in boat yn 'e brân flein. De brân oan de Gealannen ûntstie nei alle gedachten troch in stik fjoerwurk dat op it dekseil fan 'e boat bedarre. De kninen yn it kninehok njonken de boat hawwe de brân oerlibbe. It fjoer waard útmakke troch de Ljouwerter brânwacht.

De boat, dy't achter hûs stie, wie noch mar krekt kocht en op snein ophelle troch de eigner. De skutting en de houten skuorre rekken skânsearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)