Boat útbaarnd by Grou

03 jul 2006 - 17:49

Oan de Ienswei yn Grou sneintemoarn in boat útbaarnd. De brânwacht hat it fjoer útmakke. De útbaarnde boat is dêrnei nei de haven fan Grou sleept. De plysje siket noch tsjûgen fan de brân.

Der binne oanwizings dat der yn elts gefal twa minsken lâns it boatsje rûn binne op it stuit fan de brân. Dy binne yn de rjochting fan de A32 rûn. De plysje wol graach mei beide minsken prate.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)