Boat by Snits: motor ûntploft

05 jul 2008 - 15:27
  • It blussen fan de boat (foto JRF)
  • It ferbinen fan de ferwûnings (foto JRF)

Sneontemiddei binne yn Snits twa jonges út Emmen oan de dea ûntsnapt. Nei't sy harren polyester speedboat foltankt hiene besochten sy de motor te starten. De motor ûntplofte en in grutte stekflam wie it gefolch.

De jonges sprongen dêrop fuortendaliks yn it wetter. De meiwurker fan it tankstasjon soarge derfoar dat alle pompen útskeakele waarden en de brânwacht alarmearre waard. De jonges binne troch it amulânsepersoniel behannele oan harren ferwûnings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)