Boat Outlet yn Ljouwert

23 okt 2010 - 16:08
  • De befeilger herkent de boat; hy hat der earder sels op fearn

Yn it WTC-expo yn Ljouwert is dit wykein Boat Outlet. Dizze beurs wurdt foar it earst organisearre. Hûndert bedriuwen en partikuliere hannelers biede twaddehâns en dreech te ferkeapjen boaten oan.

Minsken dy't in oankeap dogge, kinne har boat fuortendaliks oan de ein fan de beurs meinimme. Mei elkoar ha der sa'n 5000 besikers op it evenemint west. Takom jier wurdt op 'e nij yn Ljouwert in boat outlet hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)