Boat nei Skier wer los

12 jan 2012 - 17:28

Fearboat De Monnik is wer los. De fearboat fan Lauwerseach nei Skiermûntseach kaam tongersdeitemiddei tsjin fjouwer oere fêst op in sânplaat. De KNRM hat om 'e nocht besocht de fearboat fan rederij Wagenborg mei sawat sechstich minsken oan board los te krijen.

Troch it hege wetter is it skip krekt nei healwei sânen loskaam. De oarsaak is noch net bekend, mar mooglik giet it om in nije sânplaat dy't ûntstien is troch de swiere stoarm fan de ôfrûne wike.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)