Boat mei oanhingmotor stellen

02 jul 2010 - 10:03
  • Foto: argyf Omrop Fryslân

De plysje docht ûndersyk nei de stellerij fan in boat mei in bûtenboardmotor. De boat lei fêst oan in steiger yn de Tsjerksleat by Drylts. Hy is weiwurden tusken tiisdeitejûn en woansdeitemoarn. De boat is fan it merk Twister en der lei ek in swimfest en in surfplank op.

De plysje freget minsken dy't wat sjoen hawwe fan 'e stellerij of dy't de Twisterboat earne sjoen hawwe, kontakt op te nimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)