Boat foar handikapten al boekt

29 jan 2007 - 16:06
  • minsken yn in rolstoel kinne sûnder help it skip bestjoere

It alderearste motorjacht dêr't hielendal selsstannich mei fearn wurde kin troch handikapten, sil dizze simmer yn alle gefallen seis wiken lang ferhierd wêze. De Stichting Aangepaste Watersport Friesland hat de earste boekings al binnen, ek al wurdt der noch folop boud oan it skip. Oer in moanne moat it klear wêze.

It skip is 15 by 5 meter. Der kinne twa minsken yn in rolstoel mei en nochris 8 oare passazjiers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)