Boat fan Amelân faak te let

19 maaie 2008 - 16:43
  • De boat fan Amelân is faak te let

In grutte groep bewenners fan It_Amelân makket him slim soargen oer de feartsjinsten fan en nei it Waadeilân. Yn in iepen brief skriuwe sy dat de boat struktureel te let oankomt. Minsken dy't op it eilân wenje mar op 'e wâl wurkje, komme dêrtroch yn de problemen.

Neffens rederij Wagenborg komt de fertraging omdat de fargeul net djip genôch wêze soe. De briefskriuwers wolle dêrom dat Rykswettersteat de geul gau útdjippet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)