Boat EVT oankaam op Skylge

12 apr 2008 - 16:59
  • de Hansestar komt oan yn de haven fan Skylge

De boat fan de Eigen Veerdienst Terschelling, de EVT, is sneon oankaam op Skylge. De EVT wol de konkurrinsje oangean mei Doeksen dy't al jierrenlang de feartsjinst tusken Harns en Skylge fersoarget. Guon Skylgers binne dêr net tefreden oer en hawwe sels in boat kocht.

De boat is sneontemoarn betiid út Cuxhaven ôfset. De EVT wol 365 dagen yn it jier, trije kear deis farre. Der kinne 250-300 minsken mei op de boat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)