Boartersplakken net feilich

02 feb 2004 - 00:00

Fierwei it grutste part fan de Fryske boartersplakken is net feilich genôch. Dat docht bliken út ûndersyk fan de stichting Partoer en in lanlike organisaasje foar boarterstunen.

De tastellen ha faak technyske mankeminten en de ûndergrûn is geregeld net feilich genôch. Foar ferbetterings is der faak gjin jild. Neffens de ûndersikers soene gemeenten in gruttere rol spylje moatte by it behear fan boarterstunen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)