Boartersplak Potmarge nominearre

01 des 2005 - 10:08

It wetterboartersplak oan de Potmarge yn Ljouwert is nominearre foar de ferkiezing 'Kindvriendelijke Projecten in de openbare ruimte 2005'. Dy ferkiezing wurdt organisearre troch Jantje Beton, it Ryk en de Vereniging Nederlandse Gemeenten.

Der binne tsien projekten nominearre. Yn jannewaris wurdt dúdlik hokker fiif in bekroaning krije. It wetterboartersplak bestiet út ferskate klimtastellen yn en om ûndjip wetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)