Boartershúske Wolvegea stikken

23 jun 2009 - 09:18

In nagelnij boartershúske yn de Vogelbuurt yn Wolvegea is ferline wike folslein fernield. It húske stie der noch mar trije wike. De gemeente Weststellingwerf is bot teloarsteld en hat oanjefte dien by de plysje.

It boarterstastel yn de Merelstrjitte kostte 2.000 euro. De gemeente hie it ein maaie pleatst yn it ramt fan de werynrjochting fan 'e Vogelbuurt. Weststellingwerf wol de skea fan 'e fernielings ferhelje op de dieder. De gemeente ropt tsjûgen om har te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)