Boartersguodpistoal ynnommen

18 aug 2001 - 00:00

De plysje fan Drachten hat freed in boartersguodpistoal yn beslach nommen fan in 14-jierrige jonge. De jonge hie mei it pistoal mei plastic kûgels sketten op in 18-jierrige Drachtster.

It is in boartersguodpistoal út Spanje, dat hjir net tastien is. Neffens de Nederlânske wet liket it boartersguod te folle op in echt pistoal. De plastic kûgels kinne ek eachletsel feroarsaakje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)