Boartersguodbank op De Gordyk

06 sep 2014 - 15:48
  • Boartersguod

Wethâlder Wietze Kooistra fan Opsterlân hat sneontemoarn de boartersguodbank op De Gordyk iepene. Frijwilligers soargje derfoar dat guod fan it ynsammelpunt nei bern út minimagesinnen giet. Sy meie twa kear yn it jier wat útsykje.

Om gebrûk te meitsjen fan de foarsjenning, moatte de gesinnen trochferwiisd wurde troch in offisjele ynstânsje lykas in gemeente. De boartersguodbank is alle lêste sneonen fan de moanne iepen foar ynsammeling. Sneon is noch in iepen dei foar minsken dy't nijsgjirrich binne nei it stipepunt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)