Boarstkanker yn de spegel

03 okt 2011 - 18:42

Ien op de acht froulju krijt boarstkanker. Dat feit stiet sintraal yn dizze boarstkankermoanne. Op ferskate plakken yn de provinsje wurdt dat mei in foto-eksposysje sjen litten. De eksposysje hat as namme "1 op de 8" krigen en bestiet út sân portretfoto's en in spegel, dêr't de besiker him- of harsels yn sjocht.

Op de foto's stean sûne minsken, mar ek manlju en froulju dy't mei boarstkanker konfrontearre binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)