Boarnsterhim yn de min

14 maaie 2007 - 15:01
  • gemeente hat tekoarten oer 2006

Boarnsterhim sit yn finansjeel swier waar. Oer 2006 stiet de gemeente 2,7 miljoen euro yn 'e min. In tal projekten ha minder opbrocht as tocht. Grutste tebeksetter is de ûntwikkeling fan it gebiet oan 'e noardkant fan Grou. Neffens wethâlder Van der Meulen wie de gemeente wat te optimistysk.

De algemiene reserve fan de gemeente wurdt brûkt om it tekoart op te fangen. Mooglik komt der tafersjoch fan it Ryk of provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)