Boarnsterhim wurdt ûndersocht

04 nov 2009 - 22:12
  • Wat gie der krekt mis yn Boarnsterhim?

Der komt in ûndersyk nei de ûndergong fan de gemeente Boarnsterhim. In mearderheid yn de Provinsjale Steaten hat dêr woansdei om frege. Doel is om der efter te kommen wêrom't nei de weryndieling yn 1984 der allerhande saken misgongen yn Boarnsterhim.

Dit moat flaters by in nije weryndieling foarkomme. Yn 1984 waard Boarnsterhim oanskreaun as in wettersportgemeente mei ien sterk haadplak. Dat wurdt no ek sein oer de nije Súdwesthoeke gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)