'Boarnsterhim skjin opleverje'

14 des 2009 - 17:11
  • Baas wol Boarnsterhim sûnder skulden oerdrage

De gemeente Boarnsterhim stribbet dernei om yn 2013 skjin oplevere te wurden. Dat hâldt yn dat se dan klear binne foar weryndieling. Boarnsterhim is op it stuit in artikel 12-gemeente en stiet ûnder kuratele fan de provinsje en it Ryk. Meastentiids duorret it sân jier om de finânsjes op oarder te krijen, mar de gemeente Boarnsterhim wol it yn trije jier tiid dwaan. Dat soe foar elkenien en benammen foar de boargers it bêste wêze, sa seit boargemaster Baas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)