'Boarnsterhim opdiele'

12 nov 2009 - 23:48
  • Ynwenners wolle Boarnsterhim opdiele

As it oan de measte ynwenners leit, hâldt de gemeente Boarnsterhim op te bestean. Dat is in earste konklúzje nei njoggen ynsprekjûnen yn de gemeente. Tongersdeitejûn wie yn Grou de lêste ynsprekjûn. Op dy jûnen koene ynwenners harren miening jaan oer de takomst fan de gemeente.

Sa wolle ynwenners fan Wergea wol oergean nei de gemeente Ljouwert en ynwenners fan Terherne nei Skarsterlân. Akkrumers wolle it leafste by Hearrenfean hearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)