Boarnsterhim-debat set útein

26 okt 2009 - 09:39
  • Boarnsterhim bestiet nei alle gedachten net lang mear as selsstannige gemeente

Boargers fan Boarnsterhim kinne fan moandei ôf harren miening jaan oer de takomst fan 'e gemeente. Moandeitejjûn wurdt de earste fan 9 debatjûnen hâlden yn de Buorkerij yn Terherne.

Oanlieding foar de diskusje binne twa rapporten fan ûndersyksburo's dy't advisearje om Boarnsterhim sa gau as mooglik op te doeken. Ynwenners en maatskiplike organisaasjes kinne de kommende twa wiken fertelle wat sy tinke dat der barre moat: behâlde of weryndiele - en hoe dan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)