Boarnsterhim: 2014 weryndiele

27 jun 2010 - 09:30

De weryndieling fan de gemeente Boarnsterhim is net earder as yn jannewaris 2014. Dat skriuwt it kolleezje fan B&W oan de gemeenteried. It wie de bedoeling om de gemeente finansjeel sûn te meitsjen en dan yn 2013 op te heffen, mar dat wurdt dus op syn minst in jier letter.

De planning dy't earder makke is, is neffens B&W fan Boarnsterhim te ambisjeus. Eventuele fúzjepartners wolle earst mear ynsjoch yn de finansjele situaasje yn Boarnsterhim.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)