Boarne Weil-sykte fraachteken

02 jul 2008 - 13:16

It is noch net dúdlik oft de meiwurker fan de wetterplysje, dy't stoarn is oan de sykte fan Weil, dy sykte oprûn hat op it Prinses Margrietkanaal. De plysje die mei oan de helpferliening nei it ûngelok mei in speedboat op it kanaal, dêr't in ynwenner fan Jellum by om it libben kaam.

Om fêst te stellen oft de plysje dêrby de sykte oprûn hat, moat ûndersyk dien wurde op in libbene rot. Mar it slagget de GGD oant no mar net om in rot te fangen by it kanaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)