Boarne TBC by kij ûndúdlik

28 aug 2010 - 12:12

It is noch net dúdlik wêr't de TBC besmetting fan kij op in pleats by Eksmoarre weikomt. Dat seit Siem-Jan Schenk fan LTO Noord. Freed waard bekend dat op it Fryske melkfeebedriuw kowetuberkulose fêststeld is. 28 kij binne dêrom ôfmakke.

It bedriuw is op slot set en mei gjin fee ferhannelje. Itselde jildt foar tsjentallen bedriuwen dy kij't kocht of ferkocht ha oan it bedriuw. kowe-tbc kaam lang net yn Nederlân foar en dêrom is it in skok foar de sektor.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)