Boarne Q-koarts noch ûnbekend

26 jul 2012 - 11:46

De GGD Fryslân hat gjin idee wat de boarne is fan de Q-koartsbesmettings dy't no opdûke yn Fryslân. De GGD en de Nieuwe Voedsel en Warenautoriteit dogge dêrom ûndersyk nei wêr't it weikomme kin. Mei-inoar ha har de lêste tiid alve pasjinten meld by de húsdokters en de GGD. Sy ha net op deselde plakken west. Opfallend is wol dat fjouwer pasjinten út Drachten komme en nochris fjouwer út de omkriten fan dat plak.

Mei de pasjinten giet it nei omstannichheden goed. Se binne oan de betterjende hân.

Q-koarts is in ynfeksjesykte dy't fan bisten oergean kin op minsken. Yn Nederlân binne foaral besmette melkgeiten en melkskiep de boarne fan de sykte by minsken. Yn Fryslân binne gjin besmette bedriuwen. Neffens de GGD-Fryslân hoege minsken har gjin soargen te meitsjen. De kâns op in besmetting is hiel lyts.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)