Boarje by knooppunt De Jouwer

19 apr 2014 - 10:59
  • Knooppunt De Jouwer

Wetterbedriuw Vitens begjint tiisdei mei grutte boarringen ûnder it ferkearsknooppunt op De Jouwer. Dat knooppunt wurdt ynkoarten flink ferboud en de hjoeddeistige wetterliedings kinne de druk fan de nije diken op it ferkearsknooppunt net oan. Dêrom moatte der nije liedings komme, dy't boppedat ek 10 oant 20 meter djipper komme te lizzen. Lâns de A6 leit de wichtichste wetterlieding fan Vitens yn Fryslân. Deistich komt dêr 850.000 liter wetter trochhinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)