Boargerwacht los yn Sint Nyk

27 feb 2012 - 18:22

Yn Sint Nyk wurdt moandeitejûn úteinset mei in boargerwacht. Groepkes frijwilligers sille de strjitten en huzen yn it doarp skerp yn de gaten hâlde. Se begjinne dêrmei omdat der de ôfrûne moannen in hiel soad ynbraken west hawwe yn Sint Nyk. It giet earst om in proef.

It is de bedoeling dat de boargerwacht yn oktober echt úteinset. Der hawwe har yntusken fjirtich frijwilligers opjûn. De inisjatyfnimmers hoopje dat der foar oktober noch sa'n tweintich frijwilligers bykomme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)